Earste kuierder 11 oere binnen

11 maaie 2013 - 14:33

De earste dielnimmers oan de kuieralvestêdetocht fan dit jier wiene om sawat 11 oere werom yn Ljouwert. Oan de 67e edysje diene rûchwei 750 minsken mei. Boppedat wiene der alle dagen sawat 250 minsken mei, dy't ien etappe rûnen.
It tal útfallers falt hiel bot ta dit jier. Wol wiene der op de earste dei trije minsken dy't troch de waarmte net goed waarden. Sy waarden behannele troch ambulânsepersoniel.

De finish fan de alvestêdetocht is sneontemiddei by De Harmonie yn Ljouwert. Dêr wurde de dielnimmers opwachte troch famylje en freonen.

Trefwurden: 
kuieralvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)