Fuotbalfroulju wer op koers

11 maaie 2013 - 13:34
  • SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed harren achtste oerwinning pakt. Op eigen fjild waard mei 5-1 wûn fan Club Brugge. Topskoarster Vivianne Miedema tekene foar de iepeingstreffer, wêrnei't Yvonne Ploeg der foar it skoft 2-0 fan makke.

Nei rêst kamen de gasten út België werom en like it noch efkes spannend te wurden. Mei noch in kertier op 'e klok soargen treffers fan Tiny Hoekstra en Yvonne Ploeg foar ferromming. Miedema tekene mei har twadde treffer yn blessueretiid foar de einstân.

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean stean op it tredde plak yn de BeNe League B mei 25 punten út 12 wedstriden en meitsje mei noch twa wedstriden te gean noch altyd kâns op de titel. Op sneon 18 maaie nimme de froulju fan trainster Jessica Torny it op tsjin koprinner Telstar, dy't mei 28 punten oan 'e lieding giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)