Fernuvere oer ûntslach rektor

11 maaie 2013 - 10:36

De meisizzenskipsried fan it Marne College yn Boalsert is fernuvere oer it oan de kant setten fan rektor Van der Hoek. It ûntslach kaam as in tongerslach by heldere himel. Der wiene gjin sinjalen dat de rektor net funksjonearre. It ûntslach is woansdei yntern bekend makke. De reden is net neamd. De MR sil dêr nije wike noch wol nei freegje.

Neffens de MR is der gjin reden om te twifeljen oan de kwaliteit fan it ûnderwiis op de skoalle. De Mavo dêr is swak, mar de Havo is goed.

Der is al in waarnimmend rektor beneamd op de skoalle yn Boalsert. Dat is Jos te Marvelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)