Roeiers lâns Fryske 11 stêden

11 maaie 2013 - 09:57

De roei-alvestêdetocht is freedtejûn dochs starten. De hiele dei drige it dat it evenemint yn ferbân mei de hurde wyn net trochgean koe, mar jûns joech de wyn him del en koene de roeiers los. De rûte hoecht ek net oanpast te wurden. Sa'n 100 ploegen út binnen- en bûtenlân binne begûn oan de 24-oers race.

De roeiers wiene om 9 oere allegear de Sleattemermar en de Morra oer. Doe wiene de earste roeiers by Boalsert. De tocht is wol folle swierder as ferline jier, de rekôrtiid fan 2012 sil dan ek net helle wurde.

Trefwurden: 
roei-alvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)