Petear Veenstra-Van der Velde

Der komt in petear tusken direkteur Robert Veenstra fan SC Hearrenfean en earefoarsitter Riemer van der Velde. Beide hoopje it skeel dat der tusken harren yn de rin fan de tiid ûntstien is by te lizzen.
Van der Velde en Veenstra hawwe beiden oanjûn dat se it petear iepen yngean sille. Dat petear sil op 16 maaie plakfine.