Weening yn top 10 Italië

10 maaie 2013 - 20:20

Pieter Weening is yn algemien klassemint fan de Ronde fan Italië klommen nei it njoggende plak. Yn de lêstige, wiete en spannende sânde etappe mei feninige klimkes yn de finale waard de Harrekyt ek njoggende. De winst wie foar de Australiër Adam Hansen, dy't solo oer de einstreek kaam. De 27 man sterke groep mei Weening kaam in dikke minút letter oan. Yn it klassemint is de Spanjert Benat Intxausti de nije lieder. Weening hat 29 sekonden efterstân. Sneon is der in yndividuele tiidrit oer 55 kilometer.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)