Henk de Jong troch de seleksje

10 maaie 2013 - 16:47

Cambuurtrainer Henk de Jong is freed troch de seleksje foar de kursus 'coach betelle fuotbal' kaam. De Jong hat wol earder besocht om de papieren as coach te krijen, mar hy waard hieltyd ôfwiisd. Dat hie ûnder oare te krijen mei in tekoart oan ûnderfining as spiler yn it betelle fuotbal. Dizze kear hie er genôch punten om troch te gean.

De Jong is as tydlik trainer by Cambuur ferline wike mei de klup promovearre nei de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)