Ynset op havens en offshore

De Waadsee moat as Unesco- wrâlderfguodgebiet ek havens hawwe dy't dêrby passe. Dat is ien fan de doelstellings yn de fyzje op de takomst fan it Waadgebiet dy't de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân makke hawwe.
Oan de oare kant wolle de provinsjes ek ynsette op ekstra wurk yn de havens foar de offshorebedriuwstak. Dat liket yn tsjinspraak mei-elkoar, mar neffens deputearre Schokker is dy yndustry der no ien kear en is it de útdaging om dat duorsum te dwaan.
Oare saken yn de Waadfyzje is in minder hurde oergong tusken see en lân en de oanlis fan ekologyske ferbinings ynklusyf fiskmigraasje tussen sâlt en swiet. It behâlden fan de ekonomyske betsjutting fan de lânbou is ek noch in wichtich punt.