Hurdriders fan de A7 helle

© Omrop Fryslân
De plysje hat op Himelfeartsdei in tal hurdriders fan de A7 helle. It hurdste gie in 27-jierrige automobilist út Hurderwyk. Hy stode mei mear as 200 kilometer yn de oere De Jouwer foarby. In 35-jierrige Gordykster helle mei 200 in ûnopfallende plysje-auto yn. In man út Boalsert ried fierste hurd by Snits. Hy siet ek noch te deun op syn foargongers en wiksele fan baan sûnder de rjochtingoanwizer oan te setten.
Alle pakte bestjoerders moasten it rydbewiis ynleverje. Tsjin harren is proses-ferbaal opmakke.
Santjin oare autobestjoerders krigen ek noch in bekeuring. Se hellen rjochts yn, hiene de rimen net om, smieten ôffal út it rút of se bellen net-hânfrij mei de mobile telefoan.