Frysk Deiblêd yn swier waar

It Frysk Deiblêd hopet takom wike tiisdei dúdlikens te jaan oan de leden hoe't de krante oerlibje wol. Dat seit foarsitter Boomsma fan de rie fan kommissarissen fan de krante.
It deiblêd sit yn swier waar. Der is driuwend ferlet fan jild. Earder waard besocht om in liening te krijen by Fryslân Boppe, grutoandielhâlder fan mediaconcern NDC, de útjouwer fan de Ljouwerter krante. Dat mislearre. Neffens Boomsma wurdt no sjoen nei gearwurking. Fierders sil de leden om jild frege wurde. It FD bliuwt wol as titel oerein, seit Boomsma.