Súkses Aris kin strop wurde

10 maaie 2013 - 12:11
  • Aris Ljouwert

It sportive súkses fan Aris kin finansjeel in strop wurde. De Ljouwerter basketbalploech helle tongersdei de finale fan de play-offs. Spilers moatte no langer trochspylje en der binne mear kosten foar de sealhier. De opbringsten fan 'e finale tsjin Leiden weagje net op tsjin de kosten. Manager fan Aris Gert Schurer soe it leafst mear fans yn it Kealledykje sjen, mar dat kin net.

De earste finalewedstriid tsjin en yn Leiden wurdt woansdei spile. Op sneon 18 maaie is de twadde wedstriid yn Ljouwert. De foarferkeap begjint moandei.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)