Slim trekkerûngelok

© ANP XTRA
Yn Drachtsterkompenije is tongersdei in man slim ferwûne rekke doe't in oanhingwein oer him hinne ried. De 29-jierrige man ried mei op in antike trekker en foel der op de splitsing Smidswei-Aldewei ôf. Hy kaam ûnder de tsjillen fan de oanhinger telâne.
De man rûn slim letsel op. Hy waard earst nei it sikehûs yn Drachten en letter nei it UMCG yn Grins brocht. De 27-jierrige bestjoerder fan de trekker hie net te hurd riden, sa die bliken út ûndersyk fan de plysje.