Roeimaraton mooglik koarter

10 maaie 2013 - 11:45

De organisaasje fan de alvestêderoeimaraton oerwaget om de tocht yn te koartsjen fanwege de hurde wyn. Yn dat gefal wurde Starum, Sleat en Hylpen oerslein. Foar de kommende oeren wurdt hurde wyn ferwachte. Op de Sleattemermar en De Moarre soe dat foar problemen soargje kinne. Yn 2007 is de tocht mei de hurde wyn ek al ris koarter makke.

De start fan de alvestêderoeimaraton is freedtejûn om 8 oere yn de Prinsetún yn Ljouwert. Der dogge 99 teams oan mei út binnen en bûtenlân. De roeimaraton wurdt foar de 28e kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)