Folle mear besikers Blomkemerk

10 maaie 2013 - 11:33

Goed 80.000 minsken hawwe op Himelfeartsdei op de tradisjonele blomkemerk fan Ljouwert west. Dat is hast twa kear safolle as ferline jier. De organisaasje sprekt fan in grut súkses.

De blomkemerk wie grutter as eardere jierren om't der mear plak wie yn it sintrum. Yn it ferline wie yn 'e Fryske haadstêd 1,5 kilometer oan blomkemerk, dit jier wie dat 2,2. Foar guon ferkeapers wie it ôfwachtsjen hoe't de nije sitewaasje útpakke soe. Neffens de organisaasje binne de measte ferkeapers dik tefreden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)