Smeulend snoer by Kapenga

By Kapenga Wonen yn Bûtenpost by de ôfdieling Lippe Wonen hat freedtemoarn in begjinnend brantsje west. Der kaam reek út it plafond en der waard in frjemde geur waarnommen. Fuortendaliks waard de brânwacht ynskeakele. Ut ûndersyk kaam nei foarren dat in snoer fan de ferljochting op in spotsje lei en dat begûn te rikjen.
De brânwacht hat de saak kontrolearre. De betriedding sil no oanpast wurde.