Opfarrende sonken sloep stoarn

09 maaie 2013 - 19:30

In frou (81) út Düsseldorf is tongersdeitejûn stoarn, neidat se earder dy dei by Tsjerkgaast yn it Prinses Margrietkanaal bedarre wie. De frou wie ien fan de 14 opfarrenden fan in sloep, dy't oanfearn waard troch in frachtskip út Swolle. Dat wie nei alle gedachten neidat de sloep motorpech krige. Alle 14 rekken yn it wetter, omstanners koene har dêr úthelje.

De frou waard nei it ûngelok reanimearre en nei it sikehûs yn Grins brocht, dêr is se letter ferstoarn. Fjouwer oare opfarrenden waarden nei sikehuzen yn Snits en Ljouwert brocht.

It giet om twa folwoeksenen dy't ferwûne rekken en twa bern dy't foar kontrôle nei it sikehûs brocht binne. De 14 opfarrenden komme út ien famylje. Se wiene mei noch in groep yn in oare sloep krekt it wetter opgien doe't it ûngelok barde. De famylje is opfong yn in groepsferbliuw yn Teroele. De sloep, dy't nei de oanfarring sonk, is oan de ein fan de middei troch de plysje lokalisearre, mar moat noch burgen wurde. Dy plysje docht ek noch ûndersyk nei de krekte tadracht. It frachtskip rekke net skansearre en is letter op 'e middei nei De Lemmer fearn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)