Aris yn finale play-offs

09 maaie 2013 - 17:47

De basketballers fan Aris hawwe op Himelfeartsdei de finale fan de play-offs om it lânskampioenskip helle. Yn sporthal it Kealledykje wûnen de Ljouwerters mei 93-76 fan EiffelTowers Den Bosch. It wie de tredde oerwinning fan Aris yn de 'best of five' searje. Aris begûn poerbêst oan de striid. It earste kwart waard mei 27-9 wûn. Dy tik kaam de regearend kampioen net mear te boppe. Tsjinstanner yn de finale is Leiden. Yn in "best of seven" sil beslist wurde wa't de nije kampioen fan Nederlân wurdt. Woansdei is de earste wedstriid yn Leiden.

De resultaten fan de fjouwer wedstriden dy't Aris Ljouwert en EiffelTowers Den Bosch yn de heale finale tsjininoar spilen:
Op 1 maaie: Den Bosch Aris 67-82; op 5 maaie: Aris-Den Bosch 62-60; op 7 maaie: Den Bosch-Aris 106-63; op 9 maaie: Aris-Den Bosch 93-76.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)