Amtners net gerêst op ûndersyk

De groep amtners en âld-amtners fan Smellingerlân dy't harren slachtoffer fiele fan yntimidaasje troch liedingjaanden, binne der net gerêst op dat it ûndersyk nei de wurksfear de saak boppe tafel krijt. Woansdei waard bekend dat Bureau Berenschot it ûndersyk nei de wurksfear dwaan sil. Boargemaster Van Bekkum is de iennige opdrachtjouwer. Sa moat de ûnôfhinklikens safolle mooglik sekersteld wurde. Earder wiene de wethâlders der ek noch by belutsen.
Bureau Berenschot hat yn 2007 en 2010 meiwurkerstefredenheidsûndersiken dien by de gemeente.
Neffens de groep amtners kamen liedingjaanden frij min út foaral dat earste ûndersyk. De gemeente soe te min mei dy útkomsten dien hawwe. It resinte ûndersyk fan Bureau Berenschot is nedich omdat by de gemeente Smellingerlân in eangstkultuer hearskje soe.
De gemeente Smellingerlân hat tongersdeitejûn yn in ferklearring witte litten dat Berenschot net earder ûndersyk foar de gemeente dien hat. De ûndersiken yn 2007 en 2010 binne neffens de gemeente útfierd troch it buro Effectory út Amsterdam.