LC krijt op 22 maaie útslutsel

09 maaie 2013 - 14:38

Utjouwer NDC Mediaconcern fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden bringt op 22 maaie it personiel op 'e hichte fan de plannen foar de reorganisaasje. Dat is wat letter as pland. De nije direkteur wurdt dan ek bekend makke. Nei alle gedachten is dat Jean-Philippe Snoeck fan ING Investment Management Europa. ING Corporate Investment is ien fan de oandielhâlders fan NDC. By NDC wol gjinien de beneaming befestigje.

Oan de beneaming foar in nije algemien haadredakteur foar beide kranten wurdt noch wurke.

By de reorganisaasje wurdt ûnder oare sjoen nei it tal banen dat der sneuvelje moat en wat it nije plak fan it haadkantoar wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)