Staking by Feenstra Verwarming

Personiel fan Feenstra Verwarming op It Hearrenfean sil no tiisdei stake. De direksje kundige ferline jier oan it bedriuw te sluten. It fakbûn FNV joech oan dat der gjin twongen ûntslaggen plakfine mochten en dat wurknimmers herpleatst wurde koene. Dat is lykwols net slagge. Fyftich wurknimmers hawwe noch gjin nije baan.
De direksje wol minsken dy't frijwillich fuortgean in lytse of hielendal gjin ûntslachfergoeding jaan. De fakbûnen fine dat minsken dy't út harsels fuortgean, rjocht hawwe op de folsleine fergoeding.
Neffens FNV is it tiid foar ekstra maatregels, sadat wurknimmers stimulearre wurde sels op syk te gean nei oar wurk.