Hea! hat Prix Circom krige

09 maaie 2013 - 10:34

De programmamakkers fan Hea! hawwe woansdeitejûn yn Spanje de Prix Circom krige. It programma De Lêste Alvestêdefytser hat de priis wûn yn de kategory sport. De Prix Circom is in Europeeske priis foar programma's fan Europeeske regionale omroppen. De útrikking wie yn Santiago de Compostella.

De reportaazje fan ferslachjouwer Janko Krist, kameraman Gerko Jonker en editor Bauke de Haan wûn yn maart ek al de Gouden NL Award foar regionale omroppen yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)