Berenschot ûndersiket pesterij

08 maaie 2013 - 21:02
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Bureau Berenschot sil ûndersyk dwaan nei de wurksfear binnen de gemeente Smellingerlân. Dat ha boargemaster en wethâlders besletten nei petearen woansdei mei ried en ûndernimmingsried. Sintrale fraach is oft der binnen de amtlike organisaasje sprake is fan in sfear fan sosjale ûnfeiligens, yntimidaasje en pesten.

It ûndersyk bestiet út trije dielen. Der wurdt in skriftlike enkête hâlden, der komt in meldpunt foar meiwurkers en eks-meiwurkers en mei guon minsken wurde djipgeande fraachpetearen hâlden. It ûndersyk begjint moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)