Dielen bylden La Lanka fûn
Trije dielen fan stellen bylden út byldetún La Lanka by De Tynje binne wer werom fûn. In Ljouwerter izerhannel krige se oanbean. De man fan 'e izerhannel hat oanslutend kontakt opnaam mei de plysje. Dy sil dizze oanwizings fierder ûndersykje.
Ofrûne snein waarden alve bylden út 'e byldetún stellen. De skea rint yn 'e tsientûzenen euro's.