Dieven pakt mei help Burgernet

08 maaie 2013 - 17:35
  • Boeien

De plysje hat woansdeitemiddei twa Poalske winkeldieven oanhâlden. Om de dieven te achterheljen waard Burgernet ynset. It duo hie by in winkel yn Drachten ferskate fleskes parfum stellen. In Poalske frou (34) waard letter op de Stasjonsstrjitte oanhâlden.

Letter seagen plysjes de auto fan de fertochten op De Gordyk riden. De bestjoerder (37) waard oanhâlden. De fertochten sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)