Gaseksploazje op boat

08 maaie 2013 - 15:45

By in ûntploffing op in boat op 'e Jouwer is woansdeitemiddei in 71-jierrige Jouster swier ferwûne rekke. De boat lei yn in boathûs yn de passantehaven oan de Grienedyk. De man hie it gasstel oanset. Doe't er dêrnei de koelkast iependie, folge in ûnploffing. Mooglik is lekkaazje of in opheaping fan gas de oarsaak.

It slachtoffer is mei brânferwûnings mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de ûntploffing.

De eksploazje sloech in gat yn it dak fan it boathûs. Yn it dak sit asbest. Dat moat oprêden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)