13 iepenloftspullen, 1 website

08 maaie 2013 - 14:57

Iepenloftspullen yn Fryslân wurde hieltyd populêrder. Wiene der goed tsien jier lyn noch mar in stik as seis, dit jier binne der al trettjin. En by dy groei heart ek in moderne wize fan kommunikaasje nei it publyk. Gjin poster of flyer mear, mar in mienskiplike website: www.iepenloftspullen.nl.

Alle trettjin iepenloftspullen steane der op, en je kinne yn ien eachopslach sjen wêr't wat te belibjen is en ek on-line kaartsjes keapje. It is it doel om de website de kommende jierren noch fierder út te wreidzjen.

Sa kin bygelyks it publyk meihelpe mei de produksje fan in iepenloftspul, en kinne nije iepenloftspullen om advys freegje oan oare ferienings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)