Soad Amelanners wolle fiskje

In hiel soad Amelanners hawwe harren melden as hobbyfisker by de gemeente. Der hawwe oant en mei moandei al sa'n 250 minsken west dy't harren steand want registrearre ha. Dizze foarm fan lytsskalige kustfiskerij drige earder ferbean te wurden, ûnder oare omdat it skealik wêze soe foar de brúnfisk.
Neffens adjunkt-direkteur Paul Kiewiet fan de gemeente It Amelân sil it lykwols net folle drokker wurde op it strân as no.