Marsum krijt in haven

08 maaie 2013 - 11:51

Marsum en Ritsumasyl krije 4 miljoen euro fan de provinsje om it iepenbier gebiet opnij yn te rjochtsjen. Deputearre Poepjes en boargemaster Van Mourik ha woansdei de hantekens ûnder it gearwurkingskontrakt set yn it Marsummer Poptaslot. It giet ûnder oare om de oanlis fan in farwei en haven yn Marsum, om fytspaden en om it opknappen fan de haven foar wenarken by Ritsumasyl.

De projekten wurde útfierd fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De provinsje sil ek noch mei Deinum oerlizze oer oanpassings yn it iepenbier gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)