Man ferwûne by ûnk yn Bontebok

08 maaie 2013 - 10:24

In autorider (59) fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn op de Earste Kompanjonswei yn Bontebok ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De man sei dat er even ôflaat wie en dêrtroch fan de dyk ôf rekke. Hy rekke dêrby twa beammen.

Omwenjenden hawwe him earste help ferliend en dêrnei is de man mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht. De swier skansearre auto is troch in bergingsbedriuw fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)