Burgernet sil ek maile

08 maaie 2013 - 09:49

Dielnimmers oan Burgernet op It Hearrenfean kinne tenei in email ûntfange fan de plysje as der by harren yn 'e buert ynbrutsen is. De gemeente en de plysje wolle de minsken sa aktyf belûke by de oanpak en it foarkommen fan kriminaliteit. Yn de mail steane dan mear bysûnderheden oer de ynbraak lykas datum, tiid, lokaasje - sûnder húsnûmer - en de wurkwize fan de ynbrekkers.

Dielnimmers oan Burgernet krije oant no ta allinnich in sms-ke as der in burgernetaksje is.

De plysje tinkt troch dizze útwreiding fan Burgernet mear ynformaasje te krijen dy't helpe kin om ynbraken op te lossen en te foarkommen. De mail is tagelyk in warskôging dat der ynbrekkers yn de buert aktyf west hawwe. De nije email-service is ûnderdiel fan de oanpak om de kriminaliteit yn de wenomjouwing tebek te kringen. Earder waarden mei dizze oanpak al positive ûnderfinings opdien yn ûnder oare de gemeenten Den Haach en Wageningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)