Undersyk yntegriteit Sm'lân

B. en w. fan Smellingerlân wolle dat der dit jier noch in ûndersyk komt nei de yntegriteit op it gemeentehûs. Neffens it rapport fan de rekkenkeamer binne de besteande ûndersiken ferâldere. B&W fine in feilige organisaasje hiel belangryk, los fan wat der resint nei bûten kommen is. Meiwurkers en âld-meiwurkers diene by Omrop Fryslân har beklach oer de wurksfear op it gemeentehûs.
Der komt ek in ekstra fertrouwenspersoan, lykas de rekkenkeamer advisearret. It belied sil ûnder oare oanpast wurde op it punt fan de 'regeling klokkenluiders'.