Oandielen Thialf 4 miljoen

De oername fan de oandielen fan Essent en Aegon yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean, kostet de provinsje 4 miljoen euro. Dat hat deputearre Hans Konst bekendmakke. De oandielen sels kostje oardel miljoen, de provinsje moat nochris twa en in heal miljoen útlûke foar ynvestearringen en ûnderhâld. De provinsje hat de oandielen nedich om de grutte ferbouplannen mei it iisstadion oer trije jier klear te krijen. Earder is al besletten 50 miljoen te stekken yn fernijing fan de besteande wedstriidhal. De grutte opknapbeurt moat yn 2016 klear wêze.
De oerdracht fan de oandielen is op 1 july. De provinsje hat dan twatredde fan de oandielen, de gemeente Hearrenfean hâldt de rest.