Petysje Doeksen tsjin EVT

07 maaie 2013 - 21:26
  • De fearboat fan Rederij Doeksen nei Skylge

De ûndernimmingsried fan rederij Doeksen hat tiisdei yn de gemeenteried fan Skylge in petysje oanbean oan de riedsleden. De UR makket him soargen oer de wurkgelegenheid by de rederij. Doeksen hat bot te lijen fan de konkurrinsje fan de Eigen Verdienst Terschelling, de EVT. Dy biedt kaartsjes oan tsjin folle legere prizen. Ek hoecht de EVT net yn de rêstige wintermoannen te farren, Doeksen wol.

It tekoart by Doeksen soe dit jier oprinne nei 3 miljoen euro. It personiel wol dat de ried fan Skylge in ein makket oan de konkurrinsje fan de EVT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)