Undersyk nei asbest by boeren

(foto-ympresje) © ANP
LTO Noord wol útsykje hoefolle asbest der noch yn agraryske gebouwen yn Fryslân sit. De lânbou-organisaasje ropt agrariërs op om hjiroer in enkête yn te foljen.
Benammen yn de jierren njoggentich is by de bou fan stallen en skuorren by lân- en túnbou-ûndernimmers asbest brûkt. Troch de enkête besiket LTO om der achter te kommen om hoefolle it krekt giet. De ûndernimmers kinne ek oanjaan op hokker wize se it asbest op koarte termyn mooglik fuorthelje kinne. De gegevens wurde anonym ferwurke.