Oanhâldingen yn drugsûndersyk

© ANP XTRA
De plysje hat hjoed seis minsken oanhâlden by it oprôljen fan ferskate himpkwekerijen yn de gemeente Eaststellingwerf. Fjirtjin adressen binne besocht yn Easterwâlde, De Haule, Haulerwyk en Appelskea. De plysje hie in fermoeden dat op dizze lokaasjes himpkwekerijen wiene.
Op seis plakken kloppe dit. Mei-inoar binne 700 himpplanten, 550 stekjes en 220 gram himptoppen yn beslach naam. Njonken de himp is ek munysje fûn. It giet om in seinpistoal en in krúsbôge. De plysje hâldt de kommende tiid faker fan dit soart aksjes yn Eaststellingwerf.