Fryske tsjotters yn Bretanje

07 maaie 2013 - 16:52
  • Hegemer tsjotter yn de Golfe du Morbihan
  • Tsjotters yn Bretanje

Tsien Fryske tsjotters farre dizze wike mei by ien fan de grutste wettersporteveneminten fan Frankryk. De float út Heech is te gast by it ynternasjonale maritime festival Semaine du Golfe yn Súd-Bretanje. It doel fan de reis is promoasje meitsje foar Fryslân en de tradisjonele wize fan silen.

De tsjotters, wêrfan guon 90 jier âld binne, farre mei yn de parade yn de Golf fan Morbihan, in binnensee sa grut as de Iselmar. Nederlân en België binne dit jier earegast op it twajierlikse barren, dêr't mear as 1100 skippen oan meidogge.

Gewoanwei lizze de tsjotters yn Heech, it is foar it earst dat se nei it bûtenlân binne. It maritime festival yn Frankryk duorret nocht oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)