'Gemeente negearde warskôging'

It hie de rêding fan syn boubedriuw betsjutte kinnen, de bou fan de brede skoalle yn De Jouwer. Dat seit Herman van der Werf fan it fallite boubedriuw Van der Werf út Sint Nyk. Hy krige de opdracht net. Dy gie nei in boukombinaasje fan bûten Fryslân.
It is net it iennichste dat him stekt yn dizze saak. Dat jildt ek foar it feit dat de gemeente neat dien hat mei syn warskôging dat de kosten troch de nije wize fan oanbesteegjen net yn 'e hân te hâlden binne. De rekkenkeamerkommisje presintearre moandei in rapport mei dyselde konklúzje.