Busfol Arisfans nei Den Bosch

07 maaie 2013 - 14:59
  • Aris Ljouwert

In busfol Arisfans giet tiisdeitemiddei fan sportpark Nijlân yn Ljouwert nei Den Bosch. De Ljouwerter basketbalploech spilet dêr de tredde wedstriid yn de play-offs tsjin regearend lânskampioen EiffelTowers. De earste twa wedstriden hat Aris wûn. As Aris tiisdeitejûn wer wint komme se yn de finale om it lânskampioenskip. Al mei al binne der tiisdei hûndert Fryske fans by de wedstriid yn Den Bosch.

Tsjinstanner yn de finale wurdt de winner fan de oare heale finale tusken Leiden en Grins. Yn dy striid giet Leiden mei 2-0 oan de lieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)