Patatwein noch hieltyd poater

07 maaie 2013 - 14:47

De snackwein fan Piter Meindertsma is noch hieltyd net terjochte. De wein waard ferline wykein stellen fan syn stânplak lâns de Kwelderwei by Dokkumer Nije Silen. Meindertsma ûntduts de stellerij ferline wike moandei, doe't er patat nei de wein ta bringe woe.

De wein is 5 meter lang en wyt fan kleur, mei yn reade letters 'De Smulhoeke'. Tsûgen ha de snackwein dyselde moandeitemoarn noch sjoen by Droegeham sûnder auto derfoar. Meindertsma hat dêrnei yn it hiele doarp socht, mar sûnder resultaat. Meindertsma wurket no mei in liende wein.

Minsken dy't Meindertsma syn wein sjoen ha, wurdt frege om dat by de plysje te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)