Hylper kultuer op erfguodlist

Hylpen komt op de list fan ymmaterieel erfguod. It giet dan om de Hylper taal en kultuer en alles dat dêrby heart lykas de Hylper klaaiïng en de skilderkeunst. Dat is tiisdei offisjeel bekend makke troch it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed VIE. Earder is tiisdei al bekend dat it ambacht fan mûnder ek op dy list komt.
In Hylper stichting hat der de ôfrûne tiid in soad tiid en enerzjy yn stutsen om Hylpen op de nasjonale list te krijen. Je moatte dan ûnder oare bewize kinne dat de befolking der achter stiet.
Yn it gefal fan Hylpen is dat gjin probleem, sa skriuwt it bestjoer fan de Stichting tot behoud van het immateriëel erfgoed in Hindeloopen. Yn Hylpen leit it swiertepunt op it behâld fan de Hylper taal, de skilderkeunst en de klaaiïng. It doel is it bewarjen fan it ymmateriële erfguod foar de takomst. Yn Hylpen beskôgje se it pleatsen fan Hylpen op de nasjonale list as opstapke om letter op de ynternasjonale list fan Unesco te kommen.