Undernimmerscoach yn Opsterlân

Gemeente Opsterlân
Om ûndernimmers troch de krisis hinne te helpen, komt de gemeente Opsterlân mei in ûndernimmerscoach. Dizze coach moat ûndernimmers helpe as der problemen binne. De coach jout praktyske tips en advys, mar kin in ûndernimmer yn problemen ek trochferwize nei bygelyks in akkountant, jurist of de Keamer fan Keaphannel. Der binne trije ûndernimmerscoaches beskikber.
De coaches binne lokale ûndernimmers mei in soad ûnderfining. Gebrûk meitsje fan in coach is fergees.