Top 100 meast neamd op twitter

31 des 2011 - 14:59
  • Fryske Top100

De Fryske Top 100 is sneon trending topic op twitter. Dat betsjut dat der yn Nederlân op dit stuit it meast twittere wurdt oer de Top 100 fan Fryslân. Sneontemoarn om 7 oere is Omrop Fryslân radio begûn mei it útstjoeren fan de 100 populêrste Fryske platen. Foar it gearstallen fan de list ha 10.000 minsken in top 5 ynstjoerd. Dat betsjut dat der 50.000 stimmen binnenkaam binne. Minsken koene kieze út 1784 ferskes.

De heechste nije binnenkommer stiet op 14. Dat is Sulveren Snie, songen troch Bruno en Judith. Dit nûmer is makke yn de hjerstfakânsje mei de harkers fan de Omrop. Wa't op nûmer ien stiet yn de list wurdt krekt foar seizen bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)