Drachtster belediget de plysje

31 des 2011 - 14:44

In 51-jierrige ynwenner fan Drachten is troch plysjes meinaam nei it buro, neidat er har misledige hie. De man woe dat de plysjes rotsoai oprommen dat op in gersfjildsje lei.

Doe't dy him der op wiisden dat dat de taak fan de gemeente is begûn de man har út te skellen en te misledigjen. Dat die er ek noch doe't er oerbrocht waard nei it plysjeburo. Dêr is er fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)