Ynbrekkers aktyf yn Fryslân

31 des 2011 - 14:27
  • Tsjinstwapen plysje

De plysje ûndersiket meardere ynbraken dy't der de ôfrûne dagen yn Fryslân west ha. Yn Weidum waard ynbrutsen yn in wenning oan it Sânpaed. It is noch net dúdlik oft der ek wat meinaam is.

Ut in wenning oan de Struikheide op It Hearrenfean waarden by in ynbraak ûnder oare twa hast nije fytsen meinaam. En út in hûs oan de Kanaalweg yn Harns mist in swiere klûs. De plysje is yn alle trije gefallen noch op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)