Oanbesteging kostet soad banen

06 maaie 2013 - 23:59

De alternative oanbesteging fan de Brede Skoalle Joure Súd skeelt neffens FNV-bou wol 3000 manoeren. De proseduere is net goed gien. Dat docht bliken út it rapport fan de rekkenkeamer dat moandeitejûn presintearre is.

Lokale ûndernimmers binne by de bou net fan de partij, eksterne adviseurs ha mear as in miljoen koste en dat is fierstente folle op in skoalle fan goed 7 miljoen. De gemeente wie de rezjy hielendal kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)