15.000 man by Cambuurfeest

06 maaie 2013 - 22:19

Sa'n 15.000 minsken hawwe moandeitejûn de spilers fan Sportklup Cambuur huldige. Dat wie op it Aldehoustertsjerkhôf. Al om fiif oere stiene de earste fans te wachtsjen om it plein op te meien. Cambuur wûn ôfrûne freed fan Excelsior, en om't harren direkte konkurrint FC Volendam yn Deventer ferlear fan Go Ahead Eagles, waarden de Ljouwerters kampioen.

Om 19.15 oere beklommen de spilers en stêf fan de klup it poadium en ûntplofte it plein. Fan augustus ôf spilet Cambuur yn de earedivyzje. De klup moat dêr noch in soad foar regelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)