Alvemarretocht nei ien dei

06 maaie 2013 - 18:21

De Alvemarrefytstocht kin net mear genôch frijwilligers fine om de tocht op twa dagen te hâlden. Dêrom wurdt de tocht tenei noch mar op ien dei hâlden. De Alvemarretocht oer 50, 100 of 150 kilomter wurdt troch in soad fytsers brûkt as training foar de Alvestêdetocht.

De tocht wurdt altyd hâlden yn it wykein foar Himelfeartsdei en bestiet sûnt 1967. De edysje fan dit jier luts oer twa dagen 4500 fytsers nei Snits. De organisaasje kin dy ek maklik op ien dei hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)