Plysje freget bylden

31 des 2011 - 08:31

De plysje freget minsken dy't bylden hawwe fan misdragingen yn de âldjiersnacht dy op dadergezocht.nl te setten. Mei de bylden hopet de plysje dieders fan bygelyks mishannelings earder opspoare te kinnen. Ek wurdt frege om bylden fan fernielings troch fjoerwurk.

De plysje set âldjiersnacht inkelde hûnderten minsken yn. Ek giet der oerdei in helikopter de loft yn dy't siket nei yllegale brânstapels.

Minsken dy't betrape wurde mei yllegaal fjoerwurk kinne hege boetes ferwachtsje.

Trefwurden: 
plysje bylden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)