Fjoerpylken mei mûs deroan

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn yn Burgum twa Drachtsters (20) oppakt foar dieremishanneling. De twa stutsen fjoerpylken ôf mei libjende mûzen deroan fêsttaped. Op it plak fan it ôfstekken waard in pylk fûn dy't net ôfgien wie. Dêr siet in noch libjende mûs oan. Op oanwizen fan de twa waard yn in doaze ek noch in stel mûzen fûn. Dy hiene de Drachtsters kocht by in dierewinkel. Neffens de eigener fan de dierewinkel woene se se oan slangen fuorje.
De twa binne fêstset op it buro en bliuwe dêr mei âld en nij sitten. Foar dieremishanneling kin meardere jierren selstraf oplein wurde.