Pantera bliuwt yn Nijeberkeap

© Omrop Fryslân
Rôfdiere-opfang Pantera hâldt syn fêstiging yn Nijeberkeap yn stân. Earder wie it doel te ferhúzjen nei it bûten Hoenderdael by Anna Paulowna. Fanwege in saaklik skeel mei de eigener gie dat net troch. De fêstiging yn Nijeberkeap bliuwt no iepen en mooglik komt der op in oar plak noch in dependâns.
Om de opfang yn Nijeberkeap yn stân hâlde te kinnen binne der wol ekstra ynkomsten nedich. Dy binne benammen bedoeld foar it opknappen fan de bisteferbliuwen. Om ekstra ynkomsten te krijen tinkt Pantera oan de ferkeap fan stront fan de rôfdieren. Dy kin brûkt wurde om katten út 'e tún te hâlden.